Uit de Compagnon
De Knypster Merke 50+ jûn
Skriuwer / ferteller Douwe Kootstra sil optrede mei de Knypstermerke 50+ jûn. Ferline wike koene jo yn De Compagnon lêze oer it optreden fan de muzykmannen “Wiltsje fan Peazens”. Tegearre mei Douwe wurdt dit grif wer in hiele moaie ôfwikseljende jûn. Douwe Kootstra is net alhiel ûnbekend mei De Knipe. As begjinnend skoalmaster en skriuwer skreau hy de revu foar it 50-jierrich jubileum fan de plattelânsfroulju (Vrouwen van Nu) ôfdieling De Knipe, tegearre mei Popke Popma. Die revu waard mei sukses útfierd troch de Knypster dames sels, yn gearwurking mei Crescendo. Ûndertusken hat Douwe al ferskate boeken skreaun, oer syn reizen om ‘e wrâld, in kadoboek foar de Fryske Boekewike en syn kollums foar it tiidskrift fan it Fryske Gea om mar wat te neamen. In hiel oar soarte boek is ” De wiete poes en oare ûnfoege folksferhalen”. As ferhalenverteller fan eigen ferhalen en fan oare ferneamde minsken trekt hy troch hiel Fryslân en dêrbûten. Hy wit hoe hy minsken mei syn (folks)ferhalen fermeitsje kin. It belooft in spesjale “smûke jûn” te wurden: Die kombinaasje fan Douwe Kootstra mei de muzikanten fan Wilstje.
